Doarpshûskafee yn MFC

Doarpshûskafee yn MFC

It MFC set iens yn de fjirtjin dagen de doarren iepen foar in doarpshûskefee en wol healwei – en oan de ein fan de moanne. De doarren gean om 17.00 oere iepen en slúte yn de lytse oerkes.

It doel is in moetingsplak foar jong en âld.  Jimme kinne lâns komme foar in bakje kofje of in pilske. De keuken is ek iepen, dus patat, frikandellen en hamburgers by de rûs.

Njonken alle oare aktiviteiten lûkt dit wol in swiere wiksel op ús frijwilligers efter de bar. Sadwaande dat we minsken freegje om ek ris in bartsjinst mei te draaien. Fielst der wat foar dan kinst jûns as it kafee iepen is delkomme en al fêst efkes proefdraaie.

Oant sjen op saterdei 17.00 oere yn ús doarpshûskafee.

  • 0000001890