Kursus “SkriuwmarFrysk.

OPROP.

In per wike lyn hiene we in byspikerkursus Frysk fan skriuwer Sjoerd Bottema. Mei hast 30 belangstellenden wie it in tige slagge jûn. Dat priuwt nei mear.

Derom wolle we graach witte wa meidwaan wol oan de kursus “SkriuwmarFrysk” fan de AFUK. In basiskursus Frysk skriuwen. It binne 10 lessen en de kosten €110,00 ynkl boeken. De dei wurdt yn oerlis mei jimme en de AFUK fêststeld.

Opjefte foar 15 febrewaris by: Frâns Boersma, Hústernoard 6 of fransboersma@zonnet.nl