Vrijdag 18 september optreden van Douwstra, Smit & Wilkens

DOUWSTRA, SMIT & WILKENS

 

FRYKSE TRÛBADOERS

OP TOER YN ALDWALD

 

DRACHTEN/WIER –  It MFC Hústerwâld yn Aldwâld is freed 18 septimber de lokaasje foar in bysûnder konsert. Trije Fryske sjonger-lietskriuwers, Piter Wilkens, Marcel Smit en Gurbe Douwstra fersoargje dan in nijsgjirrich  lietsjesprogramma. Elk fan de artysten docht solo in set mei eigen Frysktalich repertoire en de trije manlju slute it konsert mei harren trijen ôf.

 

Goed oardel jier ferlyn gie dit nije konsept ‘Douwstra, Smit & Wilkens’ fan Piter, Gurbe en Marcel yn premjêre en yntusken wurdt it rûnom yn de provinsje spylje. En it publyk reageart entûsjast. It idee foar dizze konserten ûntstie by in earder mienskiplik optreden. Dat foel yn ‘e smaak by it publyk, mar ek by Piter, Marcel en Gurbe sels. De koppen waarden by elkoar stutsen en der waard besletten om fan dit konsept in nij programma te meitsjen. It giet dêrby om ‘luisterconcerten’, wêrby’t de trije sjonger/lietskriuwers in kar meitsje út de moaiste lietsjes út harren repertoire, fleurich en mankelyk, it sit der allegear yn. Boppedat wurde dizze konserten troch de manlju brûkt om nije lietsjes oan it publyk hearre te litten. De manlju slute meiinoar it konsert ôf mei ek in tal spesjaal foar dit programma skreaune lieten.

It konsert set om 20.30 oere utein en reserfeare is mooglik fia reservearje@gmail.com.