Vaarbewijs halen.

OPROP

Aldwâld leit oan it wetter en dermei ha ferskeindene in boat of wol in boat ha. As de boat hurder kin as 20km/ûre of grutter is dan 15 meter is in faarbewiis ferplichte. Mar foar elts dy ’t it wetter opgiet is it goed dat men de ferkearsrigels op it wetter wit. Dit jier bin de eksamens noch âlde styl. Mei yngong fan 2020 moat der eksamen by it CBR dien wurde. Dat sil fêst net makkeliker wurde.

Derom dizze oprop om noch dit jier yn it MFC meielkoar foar it lyts faarbewiis 1 te gean. De opset is om yn 6 lessen ûnder leiding fan Frâns Boersma meielkoar troch de learstof te gean en thús te learen. Frâns hat in tal jierren lyn yn Kollumersweach 2 winters ek sa’n kursus jûn. We helje de kursusboeken en oefeneksamens by de ANWB. Kosten begelieding binne € 50,00 en komme ten goede oan it MFC. Wa docht mei?

Opjefte foar 15 febrewaris by Frâns Boersma, Hústernoard 6 of fransboersma@zonnet.nl