HympHamp theater, volgend jaar weer!

Wat in geweldige jûn. Saterdei wie it Hymphamp teater mei frysk kabaret yn ús MFC op besite. Mei komyske en inkele emosjonele sketskes setten hja in ferskaat oan typkes del, karikaturen fan it deistich libben . Se krige staazjerinner Sietske yn ambulanseoutfit ûnder lieding fan de Lokale Unit Leider Noard Nederlân  de seal mei om ek de wiisfingers yn de hichte te stekken  as wiene we oant wettertrappeljen neidat je te wetter giene. Boppedat advisearre hja om “help,help” te roppen. Dan wie der wer de skets mei it bejaardeechtpear op it bankje mei in bakje tee, alhiel yn stil spul. De seal wie dan mûskestil. Spilers wiene Jelmar Hoekstra en Fokke Plantinga, begelaat troch akkordionist Paul Siemensma en gitaris Anko Bouma. Oare typkes wiene Harrekiet Spiensma mei jierren 80-hierkoep en syn wyfke foar HEA, it stel ûnderweis nei Frankryk mei spul fan de ANWB en in hiele stabiele kerrevan (sûnder mover!) mar mei de kaart op de kop yn Aldwâld terjochte kaam. En sa mear, de triennen rûnen ús bitiden oer de wangen fan it laitsjen. Mear te finen yn http://foracting.wixsite.com/hymphamp. De seal wie it der folslein mei iens dat foarsitter Theo hja fuort foar folgjend jier op 10 novimber wer boekten mei harren nije show.